De hobby fan…

Aaisykjen is in passy dy’t al generaasjes oergiet fan heit op soan de Boer. Se fine it spitich dat troch it bewurkjen fan de lânbougrûn en de predaasje der minder greidefûgels binne. Mar de neisoarch bliuwt in must foar de Wiebe en Hendrik.
“Us Hendrik hat it aaisykjen wer fan my meikrigen lykas it fiskjen. We binne gauris mei syn beiden op paad en it giet der net om hoefolle as je fine, as je der mar fan genietsje.”