De passy fan…

De Hiemstra’s binne in grut fan fan fuotbalklub Cambuur. De heit fan Coby wie al Cambuurfan. Coby sels stiet al jierren as frijwilliger foar de klub klear mei EHBO. En har trije jonges hawwe dêr ek har plakje fûn.
De jierdei fan Coby wie wol in ‘juich’ momentsje. Fandêr dat de soanen mei de freondinnen in foto makke hawwe yn de klubkleuren yn it stadion.