Simmerfeest ‘Reduzum hat it’
Kommend wykein brûst it op ‘e terp oan de Legedyk. Freed de musikal fan de TDS, sneontemidei de bedriuwendei en de jûns ‘Talint yn’e tint’. Fanôf 20.00 oere is der muzyk fan ús eigen doarpsband en in soad oar talint út eigen doarp.
Kaarten binne yn de foarferkeap €10,00, te keap by De Blauwe tinte en slachterij Sixma.