Peloteurs Reduzum wer los op IFK!

Kommende tiisdei 18 juni sil de Pelote ploech fan Reduzum it yn it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote opnimme tsjin ien fan de favoryten Wjelsryp. De wedstriid duorret in oere en begjint om 18:30 oere op it plein fan Easterlittens.
Stypje jimme doarpsgenoaten en kom efkes lâns op it smûke plein fan Littens!