Lûdsman Jouke lûkt de stekker der út
Nei 30 jier stoppet Jouke Hallema as lûds- en technykman. As lyts jonkje fan 11 jier draaide hy al plaatsjes as der in skoalfuif wie. Lêtter waard dat útwreide mei lûd en technyk foar de skoalmusikals en by ROTO.
Juster krige er nei ôfrin fan de musikal fan juf Janet as dank in grut bos blommen foar syn wurk.