Dûbelkampioenskippen TV Stânfries

Snein 22 septimber waard op it centre court fan de Redúster tennisferiening striden om priis en preemje yn de dûbelkampioenskippen. Mei moai waar koene de taskôgers de hiele middei genietsje fan spannende wedstriden yn de dames-, heare- en mingd dûbel. Ta beslút waarden de prizen útrikt oan de finalisten.