Jelle B. ferrast Frienzers
Mei in spesjaal ynlast konsert ferraste Jelle B. sneon de Frienzer bern by har útstapke. It jeugdwurk fan Friens hie in rûnlieding regele nei de nije melkrobot fan Abe en Hilly. Dat Jelle B. hjir kaam, wie foar elk in ferrassing.