Koster Idaerd frege
Dit jier hâlde Rijk en Sjoukje van Dijk op mei it behear fan de tsjerke en it tsjerkhôf yn Idaerd. Der is dus ferlet fan minsken dy’t it wurk fan koster op harren nimme wolle.
Dit pronkje fan in âlde tsjerke fertsjinnet it om goed op past te wurden. Wa soe dit miskien dwaan wolle of wolle jim der mear fan witte?