Wachtsjen op de knal

We kinne ôftelle nei it nije jier. Mar slúte earst de lêste dei fan dit jier ôf mei allegear tradysjes. Yn Reduzum wurdt der drok knald mei karbidsjitten. Der binne oaljekoeken bakt en de jeugd is al drok mei lyts knallerij. Friens hat harren eigen tradysje, dêr sille se jûn de brânbulte oanstekke.