Reduzum Foarút
Doarpsbelang is op syk nei jongeren om oer de takomst fan Reduzum nei te tinken. Dit groepke sil ideeën betinke en útwurkje. It giet tenslotte om harren eigen takomst. De ideeën sille meirinne neist it masterplan.
As der dan genoch ideeën binne sil dit foarlein wurde oan it hiele doarp ,sadat elts syn miening en oanfulling jaan kin. Wa it leuk liket om mei te dwaan yn de jongeren ‘denktank’ kin har op jaan by doarpsbelang@reduzum.com