1e ljipaai fan skoalle

Op woansdei 19 maart hat Simon Sjouke Zijlstra yn de greiden fan Idaerd it earste ljipaai fan skoalle fûn. Tegearre mei heit wie Simon Sjouke oan it sykjen en koe syn eagen net leauwe doe’t hy it aai lizzen seach!
De oare deis hat hy it aai mei nei skoalle naam en oan juf Janet oanbean. De ‘lotter-proef’ wie posityf! Simon Sjouke hat de wikselbeker en in aardichheidsje fan skoalle krigen.