Fryske Kroechkwis
Praat mar Frysk organissearet 23 maai yn kafee-bar de Welp in Fryske Kroechkwis. Dus mei fragen oer de Fryske taal en kultuer. En net allinnich fan fierôf, mar ek oer Reduzum en omkriten. Fan skiednis oant staveringsflaters en fan muzyk oant sport. It team mei de minste flaters wint úteinlik.
Teams (1-6 persoanen) kinne har oanmelde fia: praatmarfrysk@gmail.com. Op ‘e hichte bliuwe kin fia harren Facebook, Twitter, webside en nijsbrief!