De lêste wedstriid fan Marvin

Ofrûne snein spile kuorbalferiening Mid Fryslân/Jansma Burdaard 1 harren lêste wedstriid dit seizoen. Dit wie ek de lêste wedstriid yn de selekskje fan Marvin Smorenburg en Janny Huitema.
As dank foar syn jierrenlange ynset foar de klub hiene leden út de jeugd teams foar dizze gelegenheid prachtige spandoeken makke.