Fakânsje yn ….Friens
Grutte drokte justerjûn oan it Swin yn Friens. Foar ien nacht hiene se dêr in kamping út de grûn stampt. Tinten, sleurhutten, buskes as in boat. Alles waard fan stâl helle om yn te sliepen. Fansels koene de hûskes en in koelkast foar de katering net ûntbrekke.
Mar troch it drokke aktiviteitenskema fan it animaasjeteam, kaam der net in soad fan sliepen die nacht.