Hofkesjongers genietsje folop
Simmerdeis binne de Vrouwen van Nu gauris op paad om túnen te besjen. Juster middei wiene se te gast yn in lanlike tún yn Feinsum. Neist allegear kleurige blommen en ferskate gerzen wie der ek in grutte grientetún en in grut hôf.
Hjir koene de froulju it net nei litte om út en trôch as hofkesjongers fan de twanbeien, nashipar, wichters as oar fruit te snobjen.