Tennissers al drok yn’t spier
Dizze wike wurdt der op ‘e tennisbaan drok spile om de dûbelkampioenskippen. De finales fan de 3 kategorieën binne sneintemiddei. Nije wike fan tiisdei 23 o/m snein 28 septimber binne de Boarnsterhimkampioenskippen tennis.
Ek by ús op ‘e baan binne der wedstriden: troch de wike op jûn en sneon oerdei. De finales op snein binne yn Grou. Komme jim se oanmoedigje?