Bistedei, katteleed

We kinne om se laitsje, se lizze út en troch in dea mûske foar de doar, se jouwe gesellichheid yn ’e hûs: katten, se hearre der hielendal by. Ferfelend wurdt it as in kat net thús komt. Faak stean se nei in oantal wylde nachten mei ‘in kater’ wer foar de doar te jammerjen.
Mar as it langer duorret wurdde je dochs ûngerêst. Fia de sosjel media as op it prikboerd wurdt der dan in oprop dien. Somtiden mei goed gefolch…mar soms ek net.