Haak-Inn, kom del

Op woansdei 21 oktober hat de earste Haak-inn west. In protte froulju kamen del, jong en âld. Elts hie in haakwurk en mei in praatsje en in bakje kofje wie it in gesellige moarn.
Op 30 desimber , moarns fanôf healwei tsienen stean de doarren fan de Eskeblom wer iepen. Haak inn, of te wol slút jim oan as it jim wat ta liket. In bydrage foar de kofje en koeke (€ 2.00) is it iennichste wat fan de dielnimmers frege wurdt.