Amish yn Amearika

Op tongersdei 11 febrewaris komt ds. Van der Meer fan Akkrum mei syn ferhalen oer de Amish yn Amearika.
Amish libje sober, hawwe hechte famyljebannen en libje geastlik fier fan de ‘moderne wrâld’. Se soargje foar har eigen mienskip, dogge gjin berop op ‘e oerheid en hawwe in eigen taal; se bouwe sels harren huzen, ûnderwize har eigen bern. Ek binne se sober klaaid, faak yn ‘t swart, sawol âlders as bern en se drage gjin sieraden.
It begjint om 13.30 oere yn it Lokaal.