Vriendenkring Idaerd 150 jier!

De tariedings foar it 150 jierrich jubileum fan de Vriendenkring yn Idaerd ( 11 juny) binne yn folle gong. Der is al omtrint trije jier hurd wurke om in moai programma yn inoar te setten.
Sa binne ôfrûne sneon de jongste bern út Idaerd en omkriten ynterviewt troch Feije van der Meer, mei as doel hjir in moaie film fan te meitsjen. Dit alles barde yn de Bernewrâld yn Reduzum. Meikoarten hearre jimme mear oer.