Eintoetsen bern groep 8

Foar groep 8 is april in spannende moanne. Nei it Anglia exam en it ferkearseksamen is dizze wike de IEP toets ôfnaam. Mar de kar foar it fuorset ûnderwiis is al troch de bern makke.
De “Friese Plaatsingswijzer” is bepalend foar it útstreamnivo fan de bern. Der wurd sjoen nei de resultaten fanôf groep 6. De eintoets dy’t yn april ôfnommen wurdt kin der noch taliede dat bern op in heger nivo setten wurde kin. De resultaten fan de toets binne foar de bern en foar skoalle dus wol fan belang.