Griene stoepe

Kuierders yn Idaerd sjogge dizze dagen mar frjemd op at se troch it doarp rinne. De stoepen lizze fol mei reid.
Om’t de berms te wiet binne hat Oeltsje Velstra it reid te droegjen lein op ‘e stoepe. As it reid droech is kin it brûkt wurde foar it einekoer flechtsjen.