Wa de bal keatst..

De leden fan de keatsferiening Jan Reitsma binne sunich op harren materiaal. Anne-Baukje Bloem rint der dan ek net foarwei as der in keatsbal yn sleat bedarret. Mei in waadpak stapt se de sleat yn, en fisket sa de bal op.