Wurksumheden toer tydlik stillein

De tsjerketoer fan Idaerd stiet yn ferban mei wurksumheden yn de steigers. It skilderwurk yn de tsjerke en foechwurk fan de toer wurdt neisjoen en reparearre. It wurk leit foarearst foar in part stil om’t der op ’t heden in grutte koloanje wetterflearmûzen mei jongen yn de toer sit.
Ynkoarten sille se wer mei foechwurk los.