Plysjeburo Grou allinnich op woansdeitemiddei iepen

It plysjeburo yn Grou is mei 1 augustus mar ien dei diel per wike iepen foar it dwaan fan ienfâldige oanjeften. Dit kin tenei op woansdeis fan 13.30 oant 17.00 oere. Fansels kin je op politie.nl ek oanjefte dwaan en melding dwaan fan strafbere feiten.
Op it buro de Holstmeerweg 3 yn Ljouwert kinne je de hiele wike terjochte.