De natuer yn de war

De natuer is yn de war. Neffens de kalinder is de hjerst al begûn. Mar hjoed 16 oktober spotte Tjitske Spykstra dochs in stikje maitiid yn de tún fan de buorlju oan de Joksewei. Wylst de apelbeam al keal is en him opmakket foar de winter stiet er in oantal plakke yn bloei.