De boekekroade

De Stifting it Fryske boek hat de Trije doarpen skoalle frege om dit jier mei te suteljen mei de boekekroade. Se komme net mei de kroade by de doarren del, mar ferkeapje Fryske boeken op ûndersteande wize yn Friens, Idaerd en Reduzum.
Hjoed as moarn komt der in folder by jimme troch de brievebus wer’t alle boeken op stean dy’t jo keapje kinne. Jo kinne op’e bestellist oanjaan hokker boek(en ) jimme graach keapje wolle.