Pipernuten ferkeap

Och heden hitskes, wat in noed, komt it sneon mei de yntocht wol goed?
Lokkich hat Sinteklaas foar alle bern al in kadootsje kocht, mar de rekken foar de boatreis en it iten foar it hynder, se binne net om ‘e nocht.
Dêrom sille tongersdei en freed ferskate hulppiten mei pipernuten op paad.
Sa hoopje se op moai wat jild yn it laad.
Foar it jild dat jim betelje,1 pûdsje €2,-, 3 foar €5, hoege je it sels net op te heljen.