Frienzer mannen los fan de frou

Tradysjes hearre der by yn ’t libben. Sa ek ûnder de Frienzer mannen. Ien kear per jier gean se der mei syn allen op út. Fan it bekend meitsjen fan de datum oant de dei fan de trip is it in geheim wêr’t de reis hinne sil.
Oan alle kanten wurd der besocht om der efter te kommen hoe’t de dei der út sjen sil, foar de organisaasje in keunst om it geheim te hâlden. Alle middelen wurde der oangrepen om elk op in dwaalspoar te bringen.