Mei farre op ROTO Line

Neist de freed- en sneonsfoarstelling, komt der in ekstra foarstelling fan toanielferiening ROTO op sneintemiddei 12 febrewaris 2017.
Jimme binne fan herte wolkom op ús cruiseskip fan de ‘ROTO Line’.
Net allinnich ha wy dizze middei in fantastysk stik ‘Brutsen iis’, mar ek sille de stoere mannen fan shantykoor ‘De Middelseesjongers’ in optreden jaan.
Wolle jimme de sneins mei ús meifare?