Mei elkoar ite

As jo de minsken fan de Bijpraattafel,it Kofjedrinken, Mei elkoar ite en derby de itensieders mei elkoar om’e tafel sette, dan ha jo in moaie groep minsken by elkoar.
Sa wiene der op 22 desimber goed 30 man en frou yn it lokaal by elkoar. Nei wat byprate mei in buorreltsje koene der oanskood wurde foar in hearlik buffet fan ’t Goede. Stadichoan waard it stil. Wat ha se smult mei syn allen!
Dik foar mekoar Jelly en Rinie!