Oer blomkes en bijen

Op de jiergearkomste fan de Vrouwen van Nu wiene de ymkers Willie en Greetje Bergsma te gast. Wylst de froulju 3 hearlike soarten huning priuwe koenen , fertelden ús Redúster ymkers op in boeiende wize oer harren wurk as ymker en oer de bijen. De Bergsma’s hawwe rûnom yn de omjouwing ferskate kasten mei folken te stean.  Nei har ferhaal kamen de twa ymkers mei de fraach om mear blommen yn de tún sette. Dit is better foar de bijen, en oare lytse bisten, en it stiet fansels ek tige fleurich.