ABD- sjoo

Foar de ien fielt it as juster en foar de oar al wat langer lyn, mar foar elkenien bekend: de ABD-sjoo. Fan 2001 oant 2004 wie de ABD-sjoo in fêst skoaltelefyzjeprogramma by Omrop Fryslân. Omrop Fryslân hat no dy programma’s út it stof helle en op de webside Weromrop.frl setten.
Ek de útstjoering fan de Trije Doarpen Skoalle, novimber 2001,  sit dêr by.