Ferfange fan gaslieding

Al in oantal wiken wurdt der rûnom yn it doarp wurke troch de firma Pol-BV.
Se binne  dwaande mei it ferfangen fan âlde gasliedingen en pleatsen fan nije ‘slimme’ meters. Dit bart mei n protte graafwurk en tûke technyske handelingen.  Sa wurde mei stielkabels nije liedingen troch âlde, besteande gasliedingen lutsen.