Speure yn’t doarpsargyf

It doarpsargyf kriget fanút alle wynstreken nijsgjirrige fragen foarlein. Fia Facebookside fan Reduzum.com kaam der in fraach út Argentinië fan in pakesizzer fan Leendert Leistra dy’t berne is yn’t hûs oan de Friesmawei yn Idaerd. Dizze man is yn 1925 emigrearre is nei Argentinië.
De argyfgroep gie der mei oan de slach en fûn in stik fan de ‘roots’ fan dizze pakkesizzer werom. Woansdeitejûn stiet de argyfgroep klear foar jim fragen.