Gespot!

Ofrûne wykein wie yn it WTC Expo de beurs Vrouw! Hjir waarden allegearre produkten en tsjinsten oanbean dy’t spesjaal op froulju rjochte binne. Foar Antje v.d. Veen, Kindertolk® en coach Van Nature Kind, wie dit in moaie gelegenheid om har bedriuw te presintearjen oan it grutte publyk. In oantal kearen per dei joech sy lêzingen. Sa koene de minsken yn de kunde komme mei har bedriuw en wurkwize as bernetolk.