Meldpunt nije wurkgroep

Justerjûn is der op de jiergearkomste besluten om fan it Meldpunt in wurkgroep te meitsjen. Om’t Ineke de Leeuw oan bar wie it bestjoer te ferlitten, soe se ek har taken foar it Meldpunt del lizze moatte. No it in wurkgroep is kin Ineke (der komt twadde persoan by) as koördinator hjir gewoan mei trochgean. Foar al jim klachten, op- of oanmerkingen oer omjouwings saken kinne jim terjochte op e-mail meldpunt@reduzum.com