Marije Visser topscorer KWC U19

It wrâldkampioenskip kuorbal foar jeugd ûnder 19 is wrâld ferneamd. Teams fanút alle hoeken fan de wrâld hawwe it Peaskewykein yn Ljouwert in pear moaie wedstriden kuorbal sjen litten.  Marije Visser spile mei doarpsgenoaten Jesse Steerenberg en Jesper Tolsma mei yn in kombinaasje team fan Kv De Walden/KV Mid Fryslân. Dit team die bûten de prizen mei, mar Marije wie fan de froulju wol de bêste topscorer fan dit wykein. In hiele moaie prestaasje.