Hawwe jim it al heard?
De ploech fan Oeds hat in probleem. En net sa’n bytsje ek. De bus kin net ûnder it spoar troch. De Oeds-kommisje hat ommers in tribune oanskaft foar de fjouwer doarpen? Dy bouwe se dan op in djiplader sa heech dat er noch krekt troch de beide tunneltsjes kin. En sa kinne de minsken noflik sittend fan de iene lokaasje nei de oare ferriden wurde. It giet hast by Dokkum om, mar kin it noch makliker?