Tsienzerbuorren

Der is oerlis west mei de Provinsje oer de situaasje op Tsienzerbuorren. It ûntwerp wurdt wat oanpast omdat der swierrigheden wiene mei it manouvreren fan lânboutransport. De dyk wurdt no minder fier nei it suden ferlein, dat hâldt wol yn dat foar de hûzen oan’e Noardkant no in fytspaad komt. Der bliuwt noch genôch romte foar dy bewenners om mei de auto fan it hiem te kommen. It skoalbuske giet aanst fia in dykje, fanôf de carpool nei de hûzen ta, dan kinne de bern feilich ophelle en brocht wurde.