Frienzer follybaltoernoai

Justerjûn binne de Frienzers rûn de klok fan 18.00  oere útein setten mei in hearlik buffet fan de Trilker. Dêr nei koene se los mei it follybal toernoai. De opkomst wie grut mei sa’n 40 follyballers. Der waard op twa fjilden spile, en foar de jongere bern stie it springkessen klear. Spitigernôch koene troch de rein net alle wedstriden spile wurde. Mar der binne al trije teams mei prizen nei hûs gongen. Yn de gesellige skuorre fan Johan koe elkenien noch oant yn de lytse oerkes neisitte!