De dream fan Alle Jan Annema

Nei  in spannende finale is juster âld Redúster Alle Jan Annema mei syn maten Bauke Triemstra en Hendrik Kootstra (kening) winner wurden fan de 164 ste PC. Alle Jan hat dit jier foar de 10e kear meidien oan de PC yn Frentsjer. Yn de Ljouwerter krante fan tiisdei fertelde hy dat er stikem fan dreamde om de PC te winne.