De lêste dei fan Moarns Ier

Nei 125 jier makket de âldste aaisikersclub fan Fryslân, ‘Moarns Ier’, har op foar de lêste dei. Der binne gjin tekens dat it aaisykjen wer tastien wurdt en dêrom wurdt  Moarns ier, yn har 125ste jier, op sneon 30 septimber, opdûkt. Yn sté fan in jubileumfiering wurdt it in dei fan betinking. In betinking yn eigen fermidden, yn eigen gea, mids fûgels en natoer. En rekkenje mar dat it in moai betinken wurde sil, alhiel passend yn de tradysje fan ‘Moarns Ier’.