Skriuwst mei!

Net mei de pinne op it papier, mar mei de hannen yn it hier! Sa stie de skriuwgroep der foar by de start fan it nije programmajier fan de Vrouwen van Nu. Lokkich wie Afke Toren út Grou ree om les te jaan. Sy feroare de froede froulju samar yn moardners, meunsters en minnaressen en libje se troch elkoars ferhalen even yn in oare wrâld. En dat is spannend en ûntspannend tagelyk, want der wurd tidens sa’n les hiel wat ôflake. Meidwaan?? Dat kin.