Ivich jout de see it sân werom

Tongersdei 9 novimber om 19:45 oere yn it lokaal Jantsje Oost mei it programma “Ivich jout de see it sân werom”. Jantsje Oost nimt de Vrouwen van Nu, oan ‘e hân fan gedichten en wandkleden, mei op in stikje fan de libbenswei. Underwerpen binne bygelyks befrijing, leafde, gelok, ferlies, lilkens, nije kânsen en de freugde fan it bestean. Emoasjes wurde útdrukt yn wurd en byld. In ferbinende tekst, koarte anekdoates, ljocht en muzyk meitsje dit programma ta in boeiendgehiel. Oant dan!