Snelheidskontrôles Haedstrjitte

Doarpsbelang hat kontakt mei de ferkearskundige tsjinst hân oer it te hurd riden yn ‘e Haedstrjitte. It blykt dat hjir fiersten te hurd riden wurdt en dan faaks ek noch troch eigen ynwenners. Dit moat ophâlde, dus komme der no snelheidskontrôles. It is fiersten te gefaarlik. De gemeente hâldt it no ek yn ‘e gaten en sil mei oplossingen komme om de snelheid der út te heljen.