It jild fan Oeds

Wim Sonneveld song it al. En dan kaam der efter oan: “Wat je met een miljoen kunt doen.” Gelokkich kostet ús OEDS FAN FIERWEI krekt wat minder, mar sûnder poen giet it fansels net. Fan begjin ôf oan is der ynsetten op jild dat ek in ynferstearring foar de takomst wêze moast. Ljocht- en lûdapparatuur, tribunes (en in karre foar de opslach) en dekôrstikken. En dy moasten ek nei takom jier wer brûkt wurde kinne troch benammen de toaniel- en oare ferienings yn ús doarpen, mar bygelyks ek troch de skoalle.