Krystbeammen aksje

Op woansdei 10 jannewaris komme de bern fan de groepen 6,7 en 8 wer yn aksje. Want…dan wurde alle krystbeammen sammele. Foar eltse beam dy de bern ophelje krije se in lotsje en in sinasappel. De gemeent soarget derfoar dat de beammen op in ferantwurde wize ferwurke wurde. Dus…. giet de beam derút? Graach efkes bewarje sadat de bern dizze op 10 jannewaris ophelje kinne.