Nijbou foar de fûgels

De fûgelwacht fan Reduzum hat drok yn aksje west mei it meitsjen fan nije wenten foar de fûgels. Meikoarten kinne yn dizze wennings koolmeeskes, pimpelmeeskes en ringmussen terjocht. Fansels binne de lijsters ek wolkom. Foar de beamklever en de beamkrûper wurde in oar model makke.