Grûnwurk

De Buorren en de Master Gorterstrjitte lizze al pear wiken iepen. Yn beide strjitten komt nije riolering. Ek de nuts bedriuwen dogge in update fan leidingen. De mannen binne yn dizze dagen mei al die kjeld en rein net te benijen no’t se út en troch sels mei de ankels yn de drek stean.